15
Kennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe hyt de man op it boppesteande skilderij? 2. Wannear is er bêrne en stoarn? 3. Yn hokker opsichten hat er wichtig west foar de Fryske taal? 4. Yn fraach 1 is ien wurd ûnderstreke. Hokker wurdsoarte hat dit wurd? 5*. Hokker twa staveringsflaters steane der yn 'e boppesteande fragen? 5**. Wat for en stootsform häin e Neederlönje önjt iirhunert, as di moon foont schilerai laawed? 6*. Fraach 5 is skreaun yn it Noard-Frysk. Yn hokker lân wurdt dat praat? 6**. Hokker ynfloed hat de skilderijman noch altyd op ús hjoeddeiske skriuwtaal? 7. Is it wier dat de skilderijman krapoan sechstel desennium libbe hat? 8. Hokker stylflater stiet der yn fraach 4? 9. Hat de haadsin by fraach 7 in namwurdlik of in tiidwurdlik stelde? En de bysin? It is net altyd maklik en wenje yn Fryslân. Yn ús lytse lantsje ken elkenien sa'n bytsje alle oare Friezen. En as men sich wat yn Fryske kultuerele rûnten beweegt, dan is it namste muoiliker om net steeds kunde tsjin te kommen. Die kunde is dan nog tot dêroan ta, mar jo sjogge ek altyd dy minsken mei die lange tiennen, mei dat opljeppene karakter, dy't it nergens mei iens binne as jo derfan oertsjoege binne dat it goed is. 10. Hoe hyt de opfallende grammatikale konstruksje yn de earste sin fan it boppesteande tekstje? 11*. Is dy konstruksje fan it njonkkenskikkende of fan it ûnderskikkende type?

 · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

Embed Size (px)

Citation preview

Page 1:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

Kennis-trening, fragen 6 maaie 2014

Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers.

1. Hoe hyt de man op it boppesteande skilderij?2. Wannear is er bêrne en stoarn?3. Yn hokker opsichten hat er wichtig west foar de Fryske taal?4. Yn fraach 1 is ien wurd ûnderstreke. Hokker wurdsoarte hat dit wurd?5*. Hokker twa staveringsflaters steane der yn 'e boppesteande fragen?5**. Wat for en stootsform häin e Neederlönje önjt iirhunert, as di moon foont schilerai laawed?6*. Fraach 5 is skreaun yn it Noard-Frysk. Yn hokker lân wurdt dat praat?6**. Hokker ynfloed hat de skilderijman noch altyd op ús hjoeddeiske skriuwtaal?7. Is it wier dat de skilderijman krapoan sechstel desennium libbe hat?8. Hokker stylflater stiet der yn fraach 4?9. Hat de haadsin by fraach 7 in namwurdlik of in tiidwurdlik stelde? En de bysin?

It is net altyd maklik en wenje yn Fryslân. Yn ús lytse lantsje ken elkenien sa'n bytsje alle oare Friezen. En as men sich wat yn Fryske kultuerele rûnten beweegt, dan is it namste muoiliker om net steeds kunde tsjin te kommen. Die kunde is dan nog tot dêroan ta, mar jo sjogge ek altyd dy minsken mei die lange tiennen, mei dat opljeppene karakter, dy't it nergens mei iens binne as jo derfan oertsjoege binne dat it goed is.

10. Hoe hyt de opfallende grammatikale konstruksje yn de earste sin fan it boppesteande tekstje?11*. Is dy konstruksje fan it njonkkenskikkende of fan it ûnderskikkende type?11**. Jeeft et jü konstruksjoon önjt Nordfrasch uk?12*. As de skilderijman sizze soe: "Ik gean nei stêd", wêr soe er dan hinne gean?12**. Bestie it Stedfrysk al yn de skilderijman syn tiid?13. Hast fansels wol sjoen dat it tekstje fol stiet mei flaters. Set in streep ûnder alle staveringsflaters en in rûntsje om oarsoartige flaters.14. Ferbetterje de flaters en jou by elke flater oan hoe slim at er yn dyn eagen is.15*. Hoe beoardielje Jan Popkema en de Afûk it gebrûk fan it wurdsje 'at' by fraach 14?15**. By it fak ATTK hast fjouwer teoryen leard oer hoe't folwoeksenen taal leare. Twa dêrfan binne it kognitivisme en it innatisme. Wat binne de oare twa?16*. Ast learlingen de korrekte ferzje fan it boppesteande tekstje fyftich kear litst oerskriuwe yn de hoop dat se dêrnei better staverje, hokker taallearteory hingest dan oan?16**. Schraft di schileraimoon eentlik Madelfrasch (Midfrysk) önj e definisjoon foon Jonkman än Versloot?17. Hokker type ynterferinsje fine wy yn fraach 16?

Page 2:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

18. Hoe kinst oan in learling útlizze hoe't er de ynterferinsje yn fraach 16 fermije kin?19*. Neam ris trije Fryske berneboekeskriuw(st)ers.19**. Wêrom hat Simon Gabbema sa wichtich west foar it Frysk?20*. Neam de namme en de makker(s) fan twa Fryske wurdboeken.20**. Weer wårde da mååste nordfrasche uurdeböke mååged?

Page 3:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

Kennistrening, fragen 13 maaie 2014

Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers.

Hjirboppe is in kaartsje te sjen fan de Republyk, sa't Nederlân yn 'e 17e en 18e ieu neamd waard.

1. De politike macht wie yn 'e tiid fan de Republyk oars ferdield tusken Fryslân en Nederlân as hjûd de dei. Wat wie it opfallendste ferskil?2. De Republyk einige yn 1795. Hoe kaam dat?3. Yn fraach 1 sit in staveringsflater. Korrizjearje dy.4. Lis út wêrom't de oarspronklike skriuwwize fan it korrizjearre wurd net goed is.5. Yn de tiid fan de Republyk wiene der noch gjin standerttalen. Doe foarmen Nederlân en Dútslân in saneamd 'dialektkontinuum'. Wat is dat?5. Hoe soest yn de redekundige ûntleding it ûnderstreke sindiel yn fraach 5 beneame?6. Hokker soarte fan Frysk waard der yn de tiid fan 'e Republyk yn Fryslân praat: Ald-, Mid- of Nyfrysk?7. Hokker staveringsflater stiet der yn fraach 6?8. De Fryske literatuur begjint yn de tiid fan de Republyk. Wa is de grutste literêre Fryske skriuwer fan dy tiid?9. Hokker staveringsflater sit der yn fraach 8?10. Wat is yn de redekundige ûntleding de funksje fan it ûnderstreke sindiel yn fraach 9?11. De krekt neamde skriuwer fûn it belangryk dat Friezen yn har eigen taal liezen. Dat hat altyd in wichtich tema west yn de Fryske literatuer. In hjoeddeisk besykjen dêrta is it projekt Letterfretters. Wat hâldt dat yn?12. Hoe effektief is it projekt neffens dy om minsken oan it Frysklêzen te krijen?13. Hokker staveringsflater sit er yn fraach 12?14 Hokker taalflater fine wy yn fraach 13?15. Wêrom skriuwe wy "wy" en net "wi"?16. Hokker trije wurden hawwe itsdelde lange ê-lûd as 'wêrom', mar wurde skreaun sûnder in dakje op de e?17. Wat is de soldaten-regel?18. Wat is better Frysk: 'skriuwfeardichheidstrening' of 'skriuwfeardigenstrening'?19*. Jou ris in foarbyld fan in ôfslutend mulwurd.19**. Dou iinjsen en biispel foon en IPI.20. Hoe soest de wurdgroep "de Republyk" yn de moderne ûntleeding beneame?21. Lis út wat der mis is mei de skriuwwize fan it wurd 'ûntleeding' yn fraach 20.

Juster bepraatten wy yn de les de politieke situaasje yn de Republiek. Wy schreaunen dêrnei in lyts opstel oer de rol van de stêden en gritenijen van Fryslân yn de polityke organisaasje van die tiid.

22. Yn de boppesteande tekst steane in soad staveringsflaters. Understreekje dizze flaters.23. Set no in rûntsje om de staveringsflaters dy't it gefolch binne fan Nederlânske ynterferinsje.24. Yn fraach 22 sit ek in flater. Ferbetterje dy.

Page 4:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

25. Set de ûndersteande tekst yn goed Frysk oer:

Tijdens de Franse overheersing veranderde er veel in Friesland. De vreemde overheerser had de eenheidsstaat ingesteld en de traditionele grenzen van de gewesten waren verlegd. Friesland grensde opeens aan de provincie Ems Occidental, dat Groningen, Drenthe en een deel van Oost-Friesland omvatte. De Fransman regeerde vanuit het verre Parijs en toen hij werd opgevolgd door de Hollander, bleef het centrale bewind berusten bij de elite van een verre stad, namelijk Den Haag.

Page 5:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

Fragen kennisassessment

Jier 1

Jier 2 ha ik dit jier net hân

Taalfeardigens, Ynlieding skriuwfeardigens en Skriuwfeardigens:

1) Stavering fan g en ch. Folje oan:

Oan it begjin fan in wurd altyd in ..: 2 foarbylden: …

Oan it begjin fan in wurdlid altyd in ..: 2 fb: …

Oan 'e ein fan in wurd altyd in ..: 2 fb.: ..

oan 'e ein fan in wurdlid altyd in ..: 2 fb

Foar de letters s en t altiten in .. (2 fb….) , foar de d altyd in … (2 fb: …)

2) Skriuwopdracht: folje de ballontsjes yn nei eigen idee

Page 6:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

3) Folje oan

Wannear skriuwe wy in saneamde oergongs-w? Mei oare wurden, wêrom is it

'blau' en 'blauwe'?

* NET in w oan 'e ein fan in wurd of oan 'e ein fan in wurdlid. Foarbyld fan in wurd: ..

en fan in wurdlid ...

* NET foar in bylûd. Foarbyld:

* WOL foar in e : Foarbyld: …

* WOL yn de kombinaasje 'iuw'. Twa foarbylden: …. ….

NB. Oan it begjin fan in wurd krije wy wol * / net* in w. Twa foarbylden: …

* De ferkearde trochstreekje

4) I. Skriuw in lokwinsk foar dyn pake dy’t 85 jier wurdt. Neam yn alle gefallen de

folgjende punten en brûk 30 wurden. Meist fansels in oare folchoarder oanhâlde:

a. Lokwinskje him;

b. Winskje him in noflike dei;

c. Sis wannear’tsto fan doel bist om del te kommen;

d. Wêrom komst net op de dei sels?;

e. Fertel twa nijtsjes út dyn deistich libben;

5) Lês dit fragmint fan Henk Wolf op 11 oktober 2013.

Lit stjerre wat stjerre moat. Dea is dea, dat is net slim, want as de taal dea is, binne de minsken dy’t him echt misse soenen dat ek. Wol slim is dat ús talen tsjirmerkes wurde. Set se net yn in rolstoel, mar jou se it medisyn fan goede sprekkers, bewuste sprekkers dy’t har net ferbrekke, fan entûsjaste learders. Meitsje se sûn mei de Moanne, Praat mar Frysk, trijetalige skoallen en Nederlânsktalige universiteiten.

Beskriuw yn eigen wurden wat hjir stiet. Meist net mear as trije wurden

oernimme út it boppesteande fragmintsje.

Page 7:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

Taalfeardigens Literêr Oersetten

1. Do bist by dit kolleezje beoardiele op acht punten. Kinst dêr fjouwer fan neame?

Antwurd:

1. ynterpunksje

2. stavering

3. konvinsjes skriftlik Frysk

4. syntaksis

5. ynhâldlike krektens fan 'e oersetting

6. fersoarging

7. kwaliteit oersetting (U - F - G)

8. Op ’e tiid ynlevere

Wat is dyn swakste punt wat dit oangiet? Wat dyn sterkste?

2. Set oer yn it Frysk:

Een jongen komt bij in een snikhete, kale grasvlakte. Hij weet niet hoe hij daar terechtgekomen is, waar hij vandaan kwam en zelfs niet meer hoe hij heet. Tot zijn opluchting vindt hij een rugzak met daarin een mobiele telefoon. Hij wil het alarmnummer intoetsen, maar ziet dan dat hij een voicemailbericht heeft ontvangen. Tot zijn verbijstering hoort hij: wat er ook gebeurt, bel in geen geval de politie. En hij weet een ding zeker: dat is zijn eigen stem. Met behulp van de spullen in zijn rugzak gaat hij verbeten op zoek naar zijn verleden. Maar zolang hij zich niets herinnert, durft hij niemand te vertrouwen. Zelfs Lara niet. Stapje voor stapje komt hij achter de verschrikkelijke waarheid. (Ut: Boy – Mirjam Mous)

Page 8:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

3. Set oer yn it Frysk:

Katniss Everdeen woont in het 12e en armste district van Panem, het land dat ooit bekendstond als Noord-Amerika. Met haar moeder en haar zusje Prim leidt ze een armoedig leven, getekend door het keiharde regime van het welvarende Capitool. Jaarlijks worden de Hongerspelen uitgevaardigd: 24 door loting aangewezen tributen, een jongen en een meisje uit elk district, gaan een strijd op leven en dood met elkaar aan. En dit jaar wordt Prim uitgeloot... (Ut: De Hongerspelen, Suzanne Collins).  

4. Oer watfoar kwestje giet dit fragmint?

“Ik heb bij het vertalen de bedoeling om de vreemde cultuur te laten kennen zoals ze is. Ik beschouw mijn werk eigenlijk eerder als deel van de Zweedse cultuur waar ik de mensen hier mee wil laten kennismaken en waarvoor ik als vertaler een bemiddelaar ben. Daarom zal ik bv. altijd proberen de Zweedse namen te houden. Of ik zal eerder geneigd zijn iets onbegrijpelijks uit te leggen dan weg te laten of te vernederlandsen. Volgens mij is dat voor kinderen een verrijking. […] Je leert aan de ene kant zien hoeveel gelijkenis er is in de gevoelens van mensen en tegelijk hoeveel verschil er kan zijn in de omstandigheden.” (Leesidee jeugdliteratuur 1997, p. 187).

(Antw. Domestikaasje=oanpassen oan doeltaal en doelkultuer. Foreignisation = frjemde aspekten stean litte sûnder oanpassen of weilitten)

Neam in foarbyld fan elk.

5. Ut watfoar lannen/ talen wurdt fanâlds yn ferhâlding in protte yn it Frysk oersetten?

(Antw.: Nederlân, Dútslân, Skandinaavje, Ingelân / Amearika.Net: Frankryk, klassike talen)

Page 9:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

Kolleezje Yntroduksje Fr Letterkunde

1. Wêrom is lêzen foar learlingen soms sa dreech?

(Antw.: gjin goede stjoering, skoalsk lêzen is oars as thús lêzen, oare drokten)

2. Wat is it ferskil tusken fiksje en non-fiksje? Neam fan elk in tekstfoarbyld.

3. Wa hat de kearndoelen fan de ûnderbou fû fêststeld?

4. Hoe kinne jo de lêshâlding fan de learlingen posityf beynfloedzje? (Antw.: rike learomjouwing biede, stimulearjende dosint, taalbelied op skoalle ynfiere, oerlis mei oare aktoaren – âlders, bibleteken, útjouwers)

5. Projekt Letterfretters: Wat is de reden dat der Ingelske, Nederlânske en Fryske teksten didaktisearre binne? (Antw.: om it Frysk lêzen te stimulearjen en opgean te litten yn bredere streamen)

Page 10:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

Kennistrening 3 juny 2014

* fragen foar earstejiers** fragen foar twaddejiersFragen sûnder stjerkes binne foar alle studinten.

Lês it boppesteande artikeltsje.1. It artikel hjirboppe is foar in part skreaun yn it Noard-Frysk. Wêr wurdt dat praat?2*. Yn hokker Noard-Frysk dialekt is de tekst skreaun?2**. Understreekje yn it Westerlauwersk Fryske stik fan it artikel de wurden mei stomme letters deryn.3*. Wat binne de Noard-Fryske wurden foar 'kloatsjitten', 'houten bal' en 'freed'?3**. Wat is Westerlauwersk Fryslân en wêrom wurd dat sa neamd?4. Hokker staveringsflater sit der yn fraach 3?5. Neam ris trije Europeeske lannen (oars as Nederlân) en neam fan elk fan dy lannen minimaal ien autochtoane minderheidstaal dy't der praat wurdt.6. Hoe soest yn de redekundige ûntleding it ûnderstreke sindiel yn fraach 5 beneame?7. Omsirkelje de hjittende foarmen yn fraach 5.8. Oan hokker tiidwurdfoarm is de hjittende foarm hast altyd geliek?9. Hokker fjouwer tiidwurden binne dêr útsûnderingen op?10. Ferbetterje de staveringsflater yn fraach 8.11. Fan hokker tiidwurd komt it ôfslutend mulwurd peaun? Hoe witst dat?12. Wat is de Nederlânske oersetting fan 'ôfslutend mulwurd'?

Page 11:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

13. Wat is lezen voor de lijst? Hat it Frysk hjir ek in rol yn? Ljochtsje dyn antwurd ta.14*. Hoe hyt de learmetoade Frysk foar it fuortset ûnderwiis dy't op it heden it meast yn gebrûk is?14**. De twaddejiers hawwe it Noard-Frysk leard út in boek, mei in wurdlist en in grammatika-oersjoch derby en mei alle wiken oefeninkjes op papier. Hoe wurdt dy learmetoade neamd? Hokker taallearteory sit derefter?15. Hast de stylflater yn fraach 13 ek sjoen? Ferbetterje him.16. Skriuw de twa sinnen fan fraach 15 op yn IPA.17. In learling sprekt 'woartel' út as 'wjattel'. Hoe sil dy learling 'zaterdag' en 'jij' yn it Frysk oersette? Hoe witst dat? 18. Hoe neame wy it yn de fonology as 'woartel' as 'wjattel' útsprutsen wurdt?19*. Der is in theorie dat it ferskynsel fan fraach 18 ûntstien is yn Súdeast-Fryslân. Hokker politike streaming is dêr yn de 19e ieu hiel sterk opkaam?19**. Der is in theorie dat it ferskynsel fan fraach 18 ûntstien is doe't de Gitersen begûnen mei Frysk te praten. Wa binne dy Gitersen en wannear en wêrom kamen se nei Fryslân ta?20. Hast de staveringsflater yn fraach 19 ek sjoen? Ferbetterje him.21. Yn hokker wurd fan fraach 20 sit in twilûd?22. Hoe neame wy it twadde diel fan dat twilûd?23. Is it twilûd opgeand of delgeand? Wat is it ferskil?24*. Wat bedoele wy mei 'frije' en 'bûne' morfemen?24**. Bestönje da uurde 'opgeand' än 'delgeand' üt büne unti frie morfeeme?25. Wêrom is 'bûn morfeem' eins net sok goed Frysk?

Page 12:  · Web viewKennis-trening, fragen 6 maaie 2014 Fragen mei ien stjerke (*) binne allinne foar de earstejiers. Fragen mei twa stjerren (**) binne allinne foar de twaddejiers. 1. Hoe

Ferliene wieke tiisdei had de parlementskommisje foar binnenlânske saken fan Alaska

unaniem ja seint tsjin in wet dy’t tweintich lânseigen talen in officiële status mut jaan. Du

noardlikste Amerikaanske dielsteat hat in protte taalminderheden. Ingelsk wurdt foaral praten

yn it súdeasten fan de steat. Ut tinbefolke Alaska wurd fjidder bewenne trôch sprekkers fan

de oarspronklike talen fan Alaska, byfoarbyld Inupiaq, Yupik en Tanana. Bijna deselde talen

wudde ek praeten troch eskimo’s yn Kanada en op Grienlân.

De wet sil net fuortendaliks praktyske consekwinsjes hewwe, mar hy is wol een wichtig

symboal foar de sprekkers fan de autogtoane talen fan Alaska. Yn 1998 waard yn Alaska

nammentlik in wet oannomd dy’t bepaalde dat alle oerheidskommûnikaasje – moenling en

skriftlik – yn it Ingelsk wêze moast. Fjierder stie yn de wet dat net ien in baan bei de oerheid

net krije mocht, om’t der ientalich Ingelsk wie.

Yn 2007 ferkljearre de rjochter dy wet ol ûnjildich. Likegoed is de benaudheid foar

meertaligens grut by de Ingelsktalige meerderheid fan de dielsteat. Republikeinske

parlemintsleden stûnen derop oan dat de neie wet allinne symboalysk mocht wêze en dat dy

der net ta liede mocht dot offisjele stikken yn ‘e takomst ien olle offisjele talen moatte wurde

oerset. Toch is dit een opfollende wiksel ien ut taalbeleid. De wiksel is wichtich foar it lân.

1. De boppesteande tekst stiet grôtfol flaters. Meitsje der fetsoenlik Frysk fan.2. Neam ris twa oerienkomsten tusken de twataligenssituaasje yn Fryslân en dy yn Alaska.3. Neam ek ris twa ferskillen.4. Hokker taalflater fine wy yn fraach 2?5* Set yn de ferbettere tekst in rûntsje om de wurden dy't gjin praat-Frysk binne.5** Set de lêste sin fan it artikel oer yn it Mooringer Noard-Frysk.6. Ast twivelest oft wurden op 'e Klaai brûkt wurde, hoe kinst dat dan maklik opsykje?7. De dialektismen yn it stik ferriede wêr't de skriuwer weikomt. Wêr is dat?8. Skriuw de tekst sa om dot er derút sjocht as soe er skreaun wêze troch ien út in oar dialektgebiet.9. Hokker staveringsflater sit der yn fraach 8? Soesto dizze flater sels ek meitsje?10. Hokker stylflater fine wy yn fraach 9?11. Hoe neame wy de ûnderwiismetoade dy't tapast wurdt as Ingelsktalige bern yn Alaska les krije op in skoalle dêr't inkeld mar Yupik praat wurdt?12. bɛɪhokrl̥itsɛŋgrötəta:lfəmiljəʃɛtətfrisk13. Skriuw de lêste sin fan it artikel op yn IPA.14. Lis út wêrom't yn fraach 6 "oft" brûkt wurdt en net "at" of "of".15. Yn hokker boek kin ien dy't it antwurd net wit op fraach 14 sjen om derachter te kommen?16. Hoe kinst útlizze dat der yn fraach 15 in doelfoarm brûkt wurdt en gjin nammefoarm?